Dronryp, NK Famkes sneon 18 juny 2016
Mantgum wie de favoryt dizze dei, fan de trije ôfdielings wedstriden dy’t dit jier al op it KNKB wedstriidroaster stienen wûn Mantgum mei Amarins de Groot, Jennie Terpstra en Wiuwerter Marijke Keuning twa kear. De oare partij waard wûn troch Ried. D’r steane 24 partoeren op de list, Mantgum hat nûmer 11 en moat dus keatse tsjin nûmer 12, dat is Ried. Dit neame se in kreaker! Mar it kreake net bij de Mantgumer famkes, hja stienen op skerp en keatsten tige konsintreare. Mei in formidabele Jennie, dy’t it partoer op sleeptou naam wie de partij binnen in heal oere út. Op 5-0 en 6-4 sloech Amarins de bal boppe. Mantgum koe net better begjinne. Achlum is de folgjende tsjinstanner, hja wûnen de earste omloop fan Arum. De famkes stiene wat minder skerp as yn de earste omloop op it fjild. It waard 1-1 en 6-6, op dizze stân sloech Jennie de keats foarbij en wie it iis brutsen. De opslach waard yn dizze partij fersoarge troch alle trije famkes, hja bepaalden sels wa’t wannear opsloech. Mar it wie foaral Amarins dy’t sterk opsloeg. Troch it foarbij slaan fan de keats waard it lêste buordsje op 5-1 en 6-6 binnen helle. Omdat de wyn fan it súdwesten nei it noardwesten draaie soe, hiene de Rypster fjildlizzers der op foarhân al rekken mei holden. D’r waard dus earst foar de wyn opslein. Mar omdat de wyn om 14.00 oere noch altiten út it súdwesten kaam namen de skiedsrjochters it beslút dat it fjild om moast. Dertroch wie d’r wat opûnthâld. Doe’t it fjild klear wie gongen de lêste seis partoeren útein Wommels - Seisbierrum/Pitersbierrum, Mantgum - Winsum en Easterein - Marsum. Nei in kertierke draaide de wyn nei it noardwesten en waard d’r wer foar de wyn opslein. De perken bleaune lizzen wert se leinen, d’r is dus hast de hiele dei foar de wyn opslein, mar nimmen dy’t klage. Mantgum keatst no dus tsjin Winsum mei Jacob Klaverlid Rianne Nutma yn it partoer. Rianne is it sterke famke yn it partoer, hja slacht foar bêst op en stiet efteryn. Yn harren 3e partij fan de dei wurdt d’r keatst om in plakje yn de heale finale. Yn it begjin gong it lyk op en ûntrûnen de partoeren elkoar net folle. Mar fanôf twa earsten gelyk stoomde Mantgum troch, troch degelik keatsen waard it 5-2. Op 6-2 foar Mantgum slacht Rianne de, troch Jennie opsleine bal, kwea. Wommels wint mei 5-3 en 6-6 fan Seisbierrum/Pitersbierrum en Easterein ferliest op de stân 5-1 en 6-4 fan Marsum. Marsum hat in steand nûmer en is de earste finaliste. Om ek sa fier te kommen moat Mantgum earst noch fan Wommels winne De heale finale Mantgum tsjin Wommels, tsjin de dochter fan Jacob Klaverlid Lysbeth van der Ende. Wer in sterk keatsend Mantgum, Amarins, Jennie en Marijke rinne flot út nei 5-0. Amarins pakt de measte earsten troch prima opslachwurk. It krêftferskil is te grut. Troch in bûtenslach op 6-6 fan Amarins wurdt it 5-1, mar fierder lit Mantgum it net komme. Op 6-0 wit Amarins de bal foar de keats te kearen en stean ek de Mantgumer famkes yn de finale. Yn it kertierke skoft efkes in slach om it fjild, sa bedarje wij bij in oersjoch fan winners fan it NK Famkes. We sjogge derop dat Jacob Klaver foarsitster Baukje Stienstra yn 2002 mei Hallum Nederlânsk kampioen wurden is. Yn 2005 winne Afke Kuipers, Thalia Reitsema en Riemke fan der Zee foar Mantgum de 1e priis. Yn 2007 wurdt Mantgum wer Nederlânsk kampioen, no mei Ilse Noorman, Elaine Reitsema en Thalia Reitsema. Tsjin fiif oere yn de middei klinkt it Frysk Folksliet oer it Rypster keatsfjild. Dernei giet it oan, Mantgum mei Jennie Terpstra, Amarins de Groot en Marijke Keuning tsjin Marsum mei Jennifer Boersma, Marije Hellinga en Serena Hovenga. Mantgum is favoryt en pakt it earste buordsje omdat Serena de bal bûten slacht. De selde Serena jout op 6-6 in sitbal en stiet it earsten gelyk. Ek it folgjende buordsje giet nei Marsum as Amarins de bal op 4-6 foar slacht. Mar wer wurdt it 6-6 en wer Serena op de stuit, hja behâldt mei in prima opslachbal de keats en Marsum stiet mei 1-3 foar. Marsum keatst taktysk sterk, hat in prima opslach, dikke keatsen, hast foutleas. Mantgum keatst net echt min mar helje it nivo, as yn de partij tsjin Wommels, net. Wer pakt Marsum in earst troch op 6-2 de keats foarbij te slaan. Op 1-4 en 4-6 is it Marije die de punten pakt troch in formidabele retourslach fanôf de boppe. Mantgum komt troch in boppeslach fan Jennie werom ta 2-5. Mar as Serena de bal op 2-6 foar de keats wit te keren is Marsum de terjocht Nederlânske kampioen. De teloarstelling by de Mantgumer famkes is grut, dit wie de lêste kans om yn dizze gearstalling Nederlânsk Kampioen te wurden, takom jier keatst Jennie by de froulju’s klasse. Lykwols hawwe Amarins, Jennie en Marijke sterk keatsen sjen litten, allinne spitich dat dit nivo net yn de finale helle waard. Nettsjinsteande twadde wurde fan 24 partoeren op it NK Famkes is fansels in poerbêste prestaasje. Amarins, Jennie, Marijke en coach Albert lokwinske mei dit resultaat. Utslach: 1e priis: Marsum (Jennifer Boersma, Marije Hellinga en Serena Hovenga) 2e priis: Mantgum (Marijke Keuning, Jennie Terpstra en Amarins de Groot) 3e priis: Wommels (Nynke Beckers, Hester Bruinsma en Rixt Wijnia)
Geplaatst op 22 June 2016